
Podcast searje fjouwer: 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' makke Miranda Werkman in oanfoljende podcast. Want hoe realistysk is it dat aanst alles ûnder wetter komt? Yn dizze podcast praat Miranda Werkman mei programmamanager klimaatadaptaasje Karel Veeneman en dykgraaf Luzette Kroon oer de takomst, waarekstremen en it klimaat. Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ. Podcast searje twa: 'Fan binnenú